Ferljochting lâns fytspaad

14 sep 2006 - 21:26

Lâns it fytspaad tusken Bûtenpost en Kollum wurdt mei koarten ferljochting pleatst. It giet dan om it Swaddepaed. Dat hawwe B en W fan de gemeente Achtkarspelen yn in brief witte litten oan pleatslik belang fan Bûtenpost. Ek pleatslik belang fan Kollum hat al in pear kear by de gemeente pleite foar goeie ferljochting fan it fytspaad.

In protte skoalgeande bern meitsje gebrûk fan it fytspaad. De gemeente is yntusken begûn mei de tariedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)