Kampanje 30 kilometer sône

14 sep 2006 - 21:20

Buertbewenners sels mear bewust meitsje fan de risiko's fan te hurd riden yn in 30 kilometer sône. Dat is it doel fan de kampanje 'Je ziet meer met 30'.

Alle 31 gemeenten yn Fryslân en de provinsje dogge mei oan de kampanje, dy't minsken derop wiist dat je yn in wenwyk net hurder ride meie as 30 kilometer. Yn Snits wie tongersdei it startskot foar dizze kampanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)