Jeroen Drost net ynsetber

© Omrop Fryslân
Gertjan Verbeek kin tongersdeitejûn by it UEFA-kupduel tsjin Vitoria Setubal gjin berop dwaan op Jeroen Drost. De linksback hat op de training in blessuere oprûn oan syn ankel en is net wedstriidfit. Yn plak fan Drost spilet Michel Breuer.
Yn it José de Alveladestadion yn Lissabon fuotballet Hearrenfean dochs yn de eigen pompeblêdeshirts. De shirts wiene earst weromstjoerd, mar kamen tongersdei dochs oan.