Borsato sit Vitesse-H'fean dwers

© Omrop Fryslân
De fuotbalwedstryd Vitesse-Hearrenfean wurdt ferpleatst. It duel soe spile wurde op 25 oktober, mar dan is der yn it Gelredome, it stadion fan Vitesse, in konsert fan sjonger Marco Borsato.
Vitesse hat op syk west nei in oar stadion, mar dat is net slagge. It is de yntinsje fan it fuotbalbûn, Vitesse en SC Hearrenfean om noch dit jier de wedstryd te spyljen. In datum foar it duel is lykwols noch net fûn.