Kaartferkeap teaters rint goed

De kaartferkeap by teater De Lawei yn Drachten rint better as ferline jier. De foarstelling wurde 5% mear kaarten ferkocht. Benammen grutte nammen as Brigitte Kaandorp en Golden Earring dogge it goed. Toaniel- en dûns-foarstellingen bliuwe wat achter.
Ek de oare teaters yn Fryslân dogge it wat better as ferline jier. Dat jildt foar de Harmonie yn Ljouwert, mar ek de Skâns op 'e Gordyk hat al flink wat kaarten ferkocht.