Nije Fryske lesmetoade Studio F

Der is in nije lesmetoade foar de Fryske taal útkommen. Dy is bedoeld foar de groepen 3, 4 en 5 fan de basisskoalle. De nije metoade hjit Studio F nei de radio- en televyzjeprogramma's dy't Omrop Fryslân ûnder deselde namme útstjoert.
De presintaasje wie tongersdei op seis Fryske skoallen. In team fan Studio F gie de skoallen bydel om de nije metoade ûnder de oandacht te bringen.