Brân yn caravan op Skylge

14 sep 2006 - 14:20

Brânwacht en plysje hawwe woansdeitenacht in brân yn in caravan útmakke. De caravan stie op in camping oan de Hoofdweg op West.

De brân is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting yn in lampe yn de douche. Der wie in soad skea yn de douche. De oare romtes hiene inkeld reekskea. De 61-jierrige bewenner út De Like hie te folle reek ynaseme. Ambulânsepersoniel koe him op it plak sels behannelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)