Jonge (14) rydt dronken yn auto

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is in jonge fan 14 jier oanhâlden omdat er yn in auto ried. De plysje seach him tongersdeitemoarn betiid riden yn de Van Loonstrjitte. De auto foel op omdat er oer de dyk slingere. By oanhâlding die bliken dat de sjauffeur drank op hie.
De jonge is meinommen nei it plysjeburo dêr't er in blaastest dwaan moast. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de jonge automobilist.