Rûzje oer lûde muzyk

14 sep 2006 - 11:35

In man út Sint Jânsgea is woansdeitejûn oanhâlden foar bedriging. Dat wie by in feest oan de Molenstelle yn it doarp. De man hie dêr argewaasje fan omdat de muzyk nei syn miening te lûd stie.

Doe't de man ien fan de feestgongers dêrop oanspruts, waard er lilk. Hy pakte in mes en soe dêrmei drige hawwe. De oare feestgongers warskôgen doe de plysje. Dy hat de man letter yn syn eigen hûs oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)