Kokaïnespoar liedt nei Ljouwert
In man fan 26 jier út Ljouwert is oanhâlden troch de plysje. Hy wurdt fertocht fan hannel en it yn besit hawwen fan harddrugs.
De drugs wie yn pakketfoarm út de Nederlânske Antillen ferstjoerd nei it hûs fan de man. Nei ôflevering waard de Ljouwerter troch de plysje oppakt. De kokaïne hat in strjitwearde fan tsientûzen euro.