Auto fljocht oer fangrail

14 sep 2006 - 10:32

By in slim ûngelok op de autodyk A7 by Boalsert binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. By de oanriding wiene trije auto's belutsen. It gie om in kop-sturt botsing. De klap wie sa hurd dat ien fan de auto's oer de fangrail stuitere.

De dyk hat yn beide rjochtings ôfsletten west. It ferkear moast rekken hâlde mei fertraging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)