'Lange striid tsjin bouplannen'

14 sep 2006 - 07:42

Omwenners fan it eardere lyseum yn Dokkum meitsje har op foar in lange juridyske striid tsjin de bouplannen op it skoalterrein. Dat makken se woandei dúdlik yn in kommisjegearkomste.

De buertbewenners fiele neat foar de bou fan 34 wenten op it plak dêr't no noch in skoalgebou stiet. Se fine it ûntwerp net moai en binne benaud dat harren útsicht ferlern giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)