Moasje D66 tsjin kokkelfiskerij

14 sep 2006 - 07:36

It Ryk moat de tsien ekstra fergunnings dy't ferliend binne foar de kokkelfiskerij op de Waadsee, wer ynlûke. Dat wol D66-Fryslân. Yn de regiogearkomste fan de Fryske D66 is dêr woansdei in moasje oer oannommen.

Ferline jier besleat it ministearje fan LNV tsien ekstra fergunnings ôf te jaan om de meganyske kokkelfiskers te kompensearjen. D66 is fan miening dat dêrmei te folle skea oanbrocht wurdt oan de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)