Hearrenfean sit sûnder shirts

© Omrop Fryslân
By oankomst yn Portugal binne der fjouwer materiaalkisten fan SC Heerenveen yn it fleantúch achterbleaun. Yn dy kisten sitte wedstrydklean, de medyske utrusting, 20 ballen, sportfoeding en representative kado's.
De kisten binne weromgien mei it fleantúch nei Rotterdam. Se komme tongersdei werom yn Lissabon. Hearrenfean spilet dan tsjin Vittoria Setubal yn de 1e ronde fan de UEFA-cup.