Nijpels nei Frijheidswyk

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat woansdei mei it Ljouwerter kolleezje en de Ljouwerter fraksjefoarsitters in besite brocht oan de Frijheidswyk en de kenniskampus yn de stêd. Nijpels wie op wurkbesite by de gemeente Ljouwert. Dêrby is ek praat oer de ambysjes fan Ljouwert en it taalbelied fan de gemeente.
Nijpels giet alle jierren op wurkbesite by Fryske gemeenten. Hy lit him dan byprate oer rinnende saken.