Speeddate learlingen en bedriuw

© Omrop Fryslân
Suvelbedriuw Friesland Foods helle woansdei vmbo-learlingen nei it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster foar in speeddate-sessy. Bedriuw en learlingen kamen sa troch koarte gesprekjes meiïnoar yn de kunde. Dat smyt de jongeren mooglik in staazjeplak of in lear-wurkbaan op.
De aksje waard mei organiseard troch de jongere-ôfdieling fan fakbûn FNV.