Koudum krijt 36 nije huzen

© Omrop Fryslân
Mei kwasten en ferve is woansdei it startskot jûn foar de bou fan 36 huzen oan de Epemastrjitte yn Koudum. De kwasten wurde net brûkt om de huzen in kleurke te jaan, mar om it sket op te fleurjen dat om de boupleats stiet.
De bou fan de 36 wenten is it begjin fan in tal grutte nijbouprojekten yn Koudum. De gemeente Nijefurd, it Woonbedrijf Koudum en de stichting Trochgean ha meiïnoar gearwurke om dizze projekten fan de grûn te krijen.