Marreprojekt wol de grins oer

13 sep 2006 - 15:34

It Fryske Marreprojekt moat útwreidzje nei bûten de provinsje. Dat sei deputearre Bertus Mulder woansdei op in sympoasium yn Earnewâld oer de takomst fan it projekt Fryske Marren.

De organisaasje achter it Fryske Marreprojekt soe neffens him ek hiel goed yn oare provinsjes oan de slach kinne. Mulder tinkt dêrby oan Grinslân en Drinte. Fryslân hat der sels ek belang by as der in goeie farferbining is mei oare provinsje en Noard-Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)