Manlju moatte mear boadskipje

© Omrop Fryslân
Manlju moatte faker boadskippen dwaan. No binne it foaral froulju dy't de swiere boadskippen dogge en dat kin en moat feroarje. Supermerkûndernimmer Titus Vogt út Dokkum hat dêrom besletten nije wike woansdei in spesjale manljusjûn te organisearjen. Froulju komme der dy jûn net yn.
Yn de Jumbo-supermerk binne spesjale aksjes foar mannen. Net allinnich fan de supermerk, mar ek fan oare bedriuwen út Dokkum en omkriten.