Oanranding op It Hearrenfean

13 sep 2006 - 15:00

Op It Hearrenfean is moandei in frou (19)oanrand. In foarbygonger hat de frou út de hannen fan har oanfaller rêden. De frou rûn jûns oer it plein foar in supermerk doe't se fan efteren fêstpakt waard. It gie om in Frysk- pratende man fan 1.85 meter lang.

De plysje siket tsjûgen en wol graach yn kontakt komme mei de man dy't de frou holpen hat. Dat wie in kleure man mei swart ynflochten hier en in wyt treningspak. Hy ried op in sportfyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)