Stellingwerfsk liet op Liet 2006

13 sep 2006 - 14:51

De haadsjuery fan it sjongfestival Liet 2006 ha tsien groepen en solisten útsocht foar de finale op 7 oktober. Tusken de 10 nije lieten sit ien nûmer yn it Stellingwerfsk: 't Goat allemoal te veer' fan de formaasje Gien Gok.

De oare finalisten binne de band Rûs, Stumble Tumble Flashback, Frommes, Safier, Total Loss, Tsjester, The Secret, Iris & Jochum en Melinda. Der wiene dit jier 34 Lieten ynstjoerd foar it Fryske sjongfestival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)