Nije oanwinst Fiskershúske

13 sep 2006 - 14:47

Museum It Fiskershúske yn Moddergat hat der in nije oanwinst by. It giet om in teestoofke út 1873. It achtkantige stoofke is makke fan Makkumer ierdewurk, bakt van lichte klaai en bestrutsen mei wyt glazuer.

It museum hat it gebrûksfoarwerp krige fan in Friezinne-om-útens út Kanada. Se kaam koartlyn persoanlik nei Moddergat ta om it stoofke te bringen. Museumdirekteur Ihno Dragt is tige wiis mei de nije oanwinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)