Man mei triengas oanholden

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is tiisdei in 21-jierrige ynwenner fan Oerterp oanhâlden, omdat hy in buske triengas by him hie. In plysjeman siet yn deselde bus as de man út Oerterp en seach dat hy it buske triengas oan it besjen wie.
De plysje hat him meinommen nei it buro. De fertochte koe mei in transaksjefoarstel fan 220 euro wer nei hús. It buske triengas is yn beslach nommen.