Nij berneprogramma: Fratsen

Omrop Fryslân tv stjoert fan oktober ôf it nije berneprogramma Fratsen út. It giet oer de aventoeren fan buor- jonkje Pier en buorfamke Marieke. De teskten binne fan Mindert Wijnstra. Linda de Haan tekent de printen.
It programma is benammen foar bern tusken de 4 en 7 jier. De premjêre fan Fratsen wie woansdei yn de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum. Fratsen is nei Bear Boeloe en Tomke it tredde berne-programma fan Omrop Fryslân TV.