Wike langer dong útride

13 sep 2006 - 14:37

Minister Veerman hat woansdei de Twadde Keamer witte litten dat boeren in wike langer dong útride meie. Dat mei dan no oant 20 septimber en oars hie it woansdei de lêste dei west.

Benammen it wiete waar fan augustus hat makke dat de boeren net útride koene. No't it yn septimber wer folle droeger en waarmer is, binne in soad boeren noch drok oan it meanen en kuilen. Nei de lêste snee wolle se dan de dong útride en dat kin noch in wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)