Rjochtsaak spjirringfiskerij

19 mrt 2012 - 17:31

Fûgelbeskerming Nederlân stapt nei de rjochter om de spjirringfiskerij stil te lizzen. Fan moandei ôf mei wer op spjirring fiske wurde op 'e Iselmar. De provinsje hat dêrfoar in fergunning ôfjûn.

Mar de fûgelbeskerming kloppet no by de Rie fan Steat oan. De natoerorganisaasje is benaud dat in soad fûgels ferhongerje sille as gefolch fan de spjirringfiskerij. De provinsje seit lykwols in goede reden te hawwen om dochs in fergunning ôf te jaan foar de spjirringfiskerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)