Dochs "goed" hout Blitsaerd

© Omrop Fryslân
De wâlbeskoeing yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd krijt miskien dochs it saneamde FSC-karmerk. Fan 't simmer ûntstie reboelje oer it feit dat der 'fout hout' brûkt wie, wylst de gemeente ôfpraat hat dat dat net soe.
Wethâlder Waanders seit dat it brûkte hout fan goede herkomst is, mar dat allinne it karmerk noch takend wurde moast. Mocht it karmerk net takend wurde, dan wol Waanders it hout likegoed sitte litte.