Lolle Nauta yn Grins ferstoarn

Yn Grins is moandei de Fryske filosoof en emearitus heechlearaar Lolle Nauta stoarn. Hy wie al in skoft siik. Nauta waard yn 1929 berne yn Snits en hat in soad dien foar de Fryske literatuer.
Sa wie er literêr resinsint foar de RONO en skreau er foar it literêre tydskift de Tsjerne. Yn Grins wie er heechlearaar wittenskipsfilosofy en sosjale filosofy. As filosoof en PvdA-lid hat er ek jierrenlang yntinsyf meidien oan it publike debat.