Keunstgers yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Keunstgers moat de nije oplossing wêze yn de Ljouwerter striid tsjin túch tusken de strjitstiennen. Ljouwert brûkt gjin fergif tsjin it túch. Op plakken dêr't it dreech is gers tusken de stiennen wei te heljen, soe keunstgers komme moatte. Op it Valeriusplein wurdt in proef fan in jier dien.
In oare eksperimintele oplossing wurdt socht yn hars dat mei semint tusken de stiennen smard wurdt.