Start sloop Bilgaardpassaazje
As alle dupearre ûndernimmers it der mei iens binne, kin der freed út ein set wurde mei de sloop fan de ôfbaarnde Bilgaardpassaazje. Der moat mei faasje in begjin makke wurde, omdat der foarrieden lizze te rotsjen. Dat soarget foar in soad stankoerlêst.
Op 4 oktober nimme de ûndernimmers in beslút oer de takomst fan it winkelsintrum: of hielendal opnij bouwe of ferbouwe.