Balkenende yn minimarestaurant

© Omrop Fryslân
Premier Balkenende is tiisdei yn it minimarestaurant yn Ljouwert. De premier helpt de frijwilligers mei it tarieden en servearjen fan in yndysk miel.
Tiisdeis en tongersdeis wurdt yn it restaurant in miel serveard foar minsken mei in smelle beurs. Gewoanwei komme der fyftich klanten, no sille dat wat mear wêze. It minimarestaurant sit yn fersoargingshûs Het Nieuwe Hoek en it is yn maaie iepene.