'Fernielings út bûtenlannerhaat'
By trije garaazjebedriuwen, twa wenten en in winkel yn Ljouwert is de ôfrûne twa nachten foar tûzenen euro's fernield. Mei-inoar binne de ruten fan fyftjin auto's ynslein. By de winkel en in wente op it Fliet binne hakenkruzen set. Yn alle gefallen wiene de eigners fan it fernielde guod fan bûtenlânske komôf. De plysje slút in rassistysk motyf dan ek net út.