Soad deade fisken by Roptasyl

13 sep 2006 - 09:33

Hûnderten fisken by it gemaal Roptasyl oan de seedyk by Harns binne dearekke. De oarsaak is noch in riedsel foar wetterskip Fryslân. De fisken giene oer in lingte fan sa'n 600 meter dea yn de polder tusken Roptasyl en de Harnzer yndustryhaven.

De fisk dy't by Roptasyl troch de fiskhevel it Waad op en ôf kin komt der net troch yn gefaar. It wetter yn de polder wurdt op it stuit ferfarske en fuortpompt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)