Mingde reaksjes Omrin-oven Harns

De wurkgelegenheid yn Harns kin flink profitearje fan de ôffalferbrâningsoven dy't ôffalferwurker Omrin by de nije yndustryhaven bouwe wol. Dat seit boargemaster Scheffer fan 'e havenstêd. Hy tinkt fierder dat bedriuwen yn 'e haven baat hawwe kinne fan de skjinne enerzjy dy't de oven opsmyt.
De Waadferiening is net bliid mei de nije oven. Dy sil it oansicht bedjerre sadat der minder toeristen komme.