'Blautongeko besmet yn Brabân'

12 sep 2006 - 17:16

Ien fan de twa kij yn Hilaard hat de sykte blautonge nei alle gedachten krige op de pleats Brabân, dêr't er weikaam. De Voedsel en Warenautoriteit hat de bistedokterpraktyk yn Wommels witte litten dat dêr blautonge fûn is.

De oare besmette ko út Súd-Hollân is yn deselde frachtwein ferfierd. De kâns dat beide kij yn Fryslân besmet binne is hiel lyts. It resultaat fan it blautonge-ûndersyk om Hilaard hinne is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)