Jantje Betonpriis yn Drachten

© Omrop Fryslân
De Montessoriskoalle yn Drachten hat in priis fan Jantje Beton wûn. It giet om in skoalpleinaksje. Dy moast derta liede dat de pleinen langer en faker iepen binne om te boartsjen.
Yn Drachten binne âlden, buertbewenners en gemeente by dy iepenstelling belutsen. Dêrtroch is der minder fandalisme en is der in gruttere sosjale kontrôle. De priisútrikking is moandei. De popgroep Chipz sil dan ek optrede.