Motorrider ferwûne by botsing

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de Jisteboerewei yn Koatstertille is moandei in motorrider (45) út Driezum ferwûne rekke. Hy woe in auto ynhelje, bestjoerd troch in man út Droegeham. De automobilist sloech linksôf yn de rjochting fan it sportterrein op it momint dat de motorrider ynhelle. In oanriding wie it gefolch.
De motorrider foel en is mei ferwûnings oan earm en hân mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.