Smellingerlân pakt rioel oan

12 sep 2006 - 10:04

De gemeente Smellingerlân stekt oantemei 2030 36 miljoen yn de rioelearing fan de gemeente. It measte jild giet nei it ferfangen fan âlde rioelen.

In diel fan it jild wurdt útlutsen om der foar te soargjen dat it reinwetter apart ôffierd wurdt en net troch itselde rioel rint dat minsken ek brûke. Soks kostet 13 miljoen euro en dat is gâns mear as de gemeente earder tocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)