Selstraf easke foar kweken himp

12 sep 2006 - 10:04

Tsjin in man út Harns is moandei njoggen moanne sel easke, wêrfan seis ûnder betingst. Neffens justysje hat hy him skuldich makke oan it kweken fan himp.

De man waard ein maaie oppakt by in kas yn Kimswert, mei sa'n 7500 himpplanten. De plantaazje wie dêrmei ien fan de grutsten ea yn Fryslân oantroffen. Yn totaal kamen yn dizze saak sân minsken foar de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)