Noarderbrêge langer ticht

11 sep 2006 - 16:50

De Noarderbrêge yn Ljouwert bliuwt noch in tal dagen ôfsletten foar ferkear. Troch in defekt stiet de brêge sûnt sneontemiddei al omheech. De brêge kin net omleech omdat de motor stikken is. Op dit stuit wurdt de motor derút helle.

Ferkear wurdt oer de Froupoartsbrêge omlaat. De bussen fan Noordned ha ha rûte oanpast, it skipfeartferkear kin wol gewoan trochfarre. Fuotgongers wurde mei in pontsje oerset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)