Ferwûne by joyriden

11 sep 2006 - 12:16

In jonkje fan 14 út Sondel is snein ferwûne rekke doe't er oan it joyriden wie. Hy hie sûnder te freegjen mei in oar de kaaien fan de auto fan in jonge út Burchwert pakt. Mei in tredde jonge giene se te riden.

Op de Delbuursterwei ferlearen de jonges de macht oer it stjoer en botsten op in beam. Ien fan de jonges rûn ferwûningen oan de holle op. Hy is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)