Man set kafee op stelten

11 sep 2006 - 10:59
Foto: Omrop Fryslân

In 42-jierrige Ljouwerter hat sneintejûn in kafee op it Willem Alexanderplein op stelten set. Hy hie rûzje, waar lilk en sloech in rút stikken. Doe't de plysje yn it kafee dwaande wie mei de oanjefte kaam de man werom mei in freon.

De manlju waarden lilk oer de oanwêzigens fan de plysje en ek omstanners bemoeiden har dermei. De plysje hat de 42-jierrige man oanhâlden foar fernieling en bedriging.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)