Bedriging mei pistoal De Jouwer

© Omrop Fryslân
De plysje hat ôfrûne freed in 43- jierrige Ljouwerter oanholden. Hy hie in oare automobilist bedrige mei in pistoal op de rotonde fan De Jouwer. De man soe nei syn died fuortriden wêze yn de rjochting fan De Lemmer.
De bedrige automobilist, in Jouster (60), belle lykwols de plysje. Dy koe de Ljouwerter pas nei in efterfolging fan 6 kilometer by Emmeloord oan de kant sette. De man is oerdroegen oan de maresjaussee.