Gemeenterieden yn takomst lytser

Foarsitter Gerrit Krol fan de Feriening fan Fryske Gemeenten begrypt it beslút fan it kabinet om fan 2010 ôf alle gemeenterieden lytser te meitsjen. It kabinet hopet sa 18 miljoen euro te besparjen.
Krol fynt it lykwols spitich dat it beslút no pas komt. In soad gemeenten ha har riedsseal oanpast nei de ferkiezings fan 2002 en de ynfiering fan it dualisme. Dat liket no fuortsmiten jild te wêzen.