Winkellju tsjin sneinsiepening

Sechtich persint fan de winkellju yn Drachten wol de winkels net op snein iepen ha. Dat docht bliken út in enkête fan de winkeliersferiening.
De winkellju binne benammen tsjin it iepenstellen op snein fanwege religy en it sosjale libben dat foargiet. Boppedat kostet de iepenstelling op snein mear as dat it opsmyt, sizze se. Foarstanners tinke dat Drachten him ek op snein goed profileare kin as de winkels iepen binne.