Cambuur ferliest fan Den Bosch

Cambuur is freedtejûn ek yn de sechde kompetysjewedstryd net ta in oerwinning kaam. Yn it eigen Cambuur- stadion waard mei 2-1 ferlern fan Den Bosch. Yn de twadde helte skoarden Paul Beekmans en Arturo ten Heuvel foar Den Bosch. Rick Hooijboer die tsien minuten foar tiid noch wat werom foar de Ljouwters.
Cambuur stiet no ûnderoan mei twa punten út seis wedstriden. Den Bosch pakte freed de earste perioadetitel.