Kramer falt út yn Gérardmer
Triatlete Mariska Kramer út Drachten is sneon útfallen by de triatlon yn it Frânske Gérardmer. Nei 4 kilometer swimmen en 120 kilometer fytsen krige Kramer safolle hinder fan in blessuere oan de rêch dat se net fierder koe.
It liket der op dat foar Kramer de dielname oan de Ironman-triatlon op Hawaii, 21 oktober, net yn gefaar komt.