Jan Smit nei sike bern yn Snits
Sjonger Jan Smit komt nije wike tongersdei yn Snits. Hy sil dêr nei de berne-ôfdieling fan it Antonius-sikehûs om dêr syn nije cd út te rikken. Smit komt mei de helikopter oan yn Snits.
De rest fan de dei giet er nei noch sân oare lokaasjes om syn cd út te dielen. It is in aksje fan de Sponsor Loterij. De nije cd fan Smit komt pas in dei letter út.