Tinkstien foar omkommen piloat

© Omrop Fryslân
Op de Vliehors op Flylân is sneon in tinkstien ûntbleate foar in omkommen F16-piloat út België. It wie sneon krekt in jier lyn dat de 33-jierrige Fabrice Massaux om it libben kaam, doe't syn F-16 by Flylân yn see stoarte.
Famylje fan de piloat wie spesjaal foar plechtichheid oerkaam nei Flylân. De tinkstien foar de Belgyske piloat is der kaam mei help fan de Nederlânske luchtmacht.