"Busreizgers djoerder út"

Busreizgers yn it noarden en súdwesten fan Fryslân binne fan oar jier djoerder út mei ferfierder Connexxion as no, mei Arriva. Dat seit Arriva, dat freed mei de provinsje foar de rjochter stie.
Arriva fynt dat der by de oanbesteging fan it busferfier in soad mis gong is, lykas de berekkening fan de priis fan in buskaartsje. De provinsje seit dat der noch oer de tariven praat wurdt en fynt Arriva in minne ferliezer.